shopblog.nl
Categorieën
  Sluiten

Tin iis

In ferhaal foar jong en âld oer Fryske minsken dy't har libben ynsetten foar meiminsken. Friestalig...
10,-

Webshops met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Omsjen (Paperback)
Omsjen (Paperback)
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy't se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta
19,50
Brekber (Paperback)
Brekber (Paperback)
Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy't se al har hiele libben kin en dêr't se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin. As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr't Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr't se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp. Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr't se it nei 't sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar
22,50
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie's de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op 'e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden... yn mear as ien opsicht. Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn 'e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
22,50
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend! 'Wer in hearlik Hilda-boek!' Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk.
21,50
Wyn fan feroaring (Paperback)
Wyn fan feroaring (Paperback)
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar
22,50
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50

Klanten-reviews van Tin iis

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Tin iis

Productomschrijving

In ferhaal foar jong en âld oer Fryske minsken dy't har libben ynsetten foar meiminsken. Friestalig

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460380907
Shopblog.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.