Monkeys dilemma

0
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich ...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Monkeys dilemma
Monkeys dilemma
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no …
7,50
Nieuw
Libben en dea neffens Jelke Bos
Libben en dea neffens Jelke Bos
Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.' 'Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta. Mar wy dogge it net. Wy sille wol gek wêze. As minsken yn 'e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy…
6,50
Nieuw
De reade bwarre
De reade bwarre
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy't der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993. In de roman is alles gethematiseerd wat de …
10,-
In bolle yn 'e reak
In bolle yn 'e reak
Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op 'e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986. Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om't se dê…
6,-
Eksamenjier
Eksamenjier
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen. Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiiddêr’t de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoaren yn 2011 Simmer oan ’e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy’t yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fu…
6,50
De smearlappen
De smearlappen
De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy't langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in `gelearde boer', dy't hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy't mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap. Doe't De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna. Dizze sânde printing is de yntegrale werjefte fan de sechsde út 1983, mei ynbegryp fan de tekeningen dy't Gerrit Breteler op fersyk fan de auteur makke hat. Wat my it meast boeid hat by it op 'en nij lêzen fan De smearlappen is de styl fan skriuwen. Wa…
5,-
Cap Sud
Cap Sud
Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe't syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy't yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op 'e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar te behoedzjen. Dy is yn Frankryk op fakânsje. It wurdt in tocht fol aventoeren. Se ha gjin oare oanwizing as dat se nei Cap Sud ta moatte. Cap Sud is it iennichste jongereinboek fan Van der Leest, skreaun yn opdracht. Hy krige der yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1980. Ut al syn boeken docht bliken dat Van der Leest as gjin oar fan de Fryske skriuwers alle niget sjocht oan de eigenaardichheden fan ús dagen. In pree is ek Van der Leest syn feardich en gauris ferrassend taalgebrûk. Hy brûkt fansels it Frysk fan de tsjintwurdige jongerein, mar dan wol riker en fariearder as wat men ornaris opheint. Tiny Mulder yn it Friesch Dagb…
6,-
Nieuw
Het Juvenalis dilemma - Dan Brown - Paperback (9789021020471)
Het Juvenalis dilemma - Dan Brown - Paperback (9789021020471)
Als de krachtige supercomputer van de inlichtingendienst NSA doldraait op een onbreekbare code, wordt de briljante wiskundige Susan Fletcher te hulp geroepen. Zij ontdekt dat de NSA gechanteerd wordt met een code die zo ingenieus is dat er een ramp dreigt als terroristen en criminele netwerken hem in handen krijgen. Gevangen in een storm van geheimen en leugens vecht Fletcher om de NSA, een dienst waarin ze gelooft, te redden. Aan alle kanten loert verraad, en uiteindelijk blijkt er nóg meer op het spel te staan dan haar werk en haar land... De wereldberoemde Dan Brown is de zoon van een wiskundige en een muzikante. Hij is getrouwd met de kunsthistorica en schilderes Blythe. Voor hij fulltime schrijver werd, was hij jarenlang docent Engels. `
15,-
Het dilemma - Samantha King - eBook (9789460415869)
Het dilemma - Samantha King - eBook (9789460415869)
Het leven van Madeleine staat in het teken van haar kinderen, ze zou zelfs voor hen willen sterven. Maar op de ochtend van de tiende verjaardag van haar tweeling wordt haar liefde op de proef gesteld. Een moordenaar dringt hun huis binnen en stelt haar voor een verschrikkelijk dilemma: welk kind blijft leven en welk kind zal sterven? Haar zoon of haar dochter? Sinds die dag doolt Madeleine rond in een gebroken gezin, wanhopig probeert ze erachter te komen waarom haar wereld zo plotseling uit elkaar werd geblazen. Terwijl het dagelijks leven om haar heen blijft doorgaan, herinnert ze zich in angstaanjagende flitsen de aanloop naar die tragische dag. En dan beseft ze dat het leven van haar gezin nog steeds aan een zijden draadje hangt…
12,99
Het Juvenalis Dilemma - Dan Brown - eBook (9789024562329)
Het Juvenalis Dilemma - Dan Brown - eBook (9789024562329)
Als de krachtige supercomputer van de inlichtingendienst NSA doldraait op een onbreekbare code, wordt de briljante wiskundige Susan Fletcher te hulp geroepen. Zij ontdekt dat de NSA gechanteerd wordt met een code die zo ingenieus is dat er een ramp dreigt als terroristen en criminele netwerken hem in handen krijgen. Gevangen in een storm van geheimen en leugens vecht Fletcher om de NSA, een dienst waarin ze gelooft, te redden. Aan alle kanten loert verraad, en uiteindelijk blijkt er nóg meer op het spel te staan dan haar werk en haar land...
12,99

Klanten-reviews van Monkeys dilemma

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Monkeys dilemma

Productomschrijving

It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no al goed fjirtich jier yn Tytsjerksteradiel. Earst wie er fyftjin jier automonteur, doe hast tritich jier freelance ferslachjouwer en letter noch sa'n fiif jier postbesoarger. Hy publisearre gedichten en ferhalen yn ûnder oaren Frysk en Frij, Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant (Lyrische Courant), F-Side en streekblêd Actief. Yn 1989 ferskynde syn debútroman Op 'e flecht. Yn 1993 kaam Hoe kinst dat no rymje út, in bondel mei rymadvizen en foarbylden fan gelegenheidsgedichten. Yn 1999 seach It sicht is withoefier en 't eachweid grut it ljocht, in bondel mei fersen yn sonnetfoarm oer Fryske doarpen. Yn 'e twadde helte fan 2017 fûn er romte om wurk te meitsjen fan in plan: it skriuwen fan syn twadde roman Monkeys dilemma.

Productinformatie

    Shopblog.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.