shopblog.nl
Categorieën
  Sluiten

It piipjen fan de proai

Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal. Friestalig...
10,-

Webshops met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
De Gouden Swipe (Paperback)
De Gouden Swipe (Paperback)
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats. Dat wurdt foarkommen troch in liening fan in dubieuze freon, mar syn frou Lysbet moat de rinte betelje. As soan Ate letter de wierheid ûntdekt kriget er spul mei syn heit en krijt er ûnderdak op de pleats by syn omke Ids. As stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider is der noch in kear spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút op de drafbaan útfochten. De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong. Dit boek is de werútjefte fan de tolfde printing út 1985.
19,50
It geloksbern (Paperback)
It geloksbern (Paperback)
As Betty nei in skoft yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan Evert en har dochter Ymkje witte. Se hat slim lêst fan skuldgefoel èn fan har ferbrânde earm, dy't noch net goed genêzen is. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening fan Emiel, mei in stim dy't like rau en rûch is as de sjonger sels. Betty wol suver wer âlderwetsk los en de maten út har wylde tiid kinne de eagen net fan har ôfhâlde. Mar dan bedjert har suster Akkelyn, lykas altyd, it feest. Mei dit tredde diel oer Elske, Ronny en Betty slút Hilda Talsma dizze searje op in tige meinimmende wize ôf. Har flotte en humoristyske styl en de fanselssprekkende natuerlikens fan de haadpersoanen sprekke in breed publyk oan. In spannend boek, dêr't in protte yn bart. Boeiend fan begjin oant ein. Earder skreau Hilda
22,50

Klanten-reviews van It piipjen fan de proai

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over It piipjen fan de proai

Productomschrijving

Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal. Friestalig

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460380570
Shopblog.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.