shopblog.nl
Categorieën
  Sluiten

Ik bedoel mar

Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. Friestalig....
9,-

Webshops met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Omsjen (Paperback)
Omsjen (Paperback)
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy't se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta
19,50
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie's de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op 'e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden... yn mear as ien opsicht. Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn 'e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
22,50
Sibbeltsje (Paperback)
Sibbeltsje (Paperback)
It is in brikenien. Dat hie dokter sein doet er Sibbeltsje helle. Sok praat hie de mem slim rekke, mar heit Ypke miende dat it faktaal wie: it wie de diagnoaze. En och, as san popke yn e widze leit mei de tekkentsjes der kreas oerhinne dan falt it net op dat it in mankemint oan de heupe hat. Dêrom eamelen de oare memmen der earst net bot op om. Ek by it lettere omkrûpen seach men noch net sa dat it iene poatsje wat koarter wie as it oare. Mem wie fol begrutsjen doet de earste stapkes kamen en Sibbeltsje nei foaren skokte en skeukte. Har kopke gie der suver wat nei stean en dat makke it noch begrutliker. Sa begûn it libben fan Sibbeltsje yn de wrâld. De earste jierren brocht se troch yn it Paradyske ûnder Kollum en dat wie in moaie tiid. Mar letter kaam de tragyk yn har libben, mei it ferstjerren fan har mem. Lykwols, se lit de moedfearren net hingje en pakt op, wat op har wei komt. Yn 50 haadstikken wurdt har libben as help yn har heit syn húshâlding, as tsjinstfaam yn by rike minsken
17,95
Blyn rjocht (Paperback)
Blyn rjocht (Paperback)
Ids Sytswerda is rjochter yn oplieding en wit him tegearre mei syn blinehûn Kjeld prima te rêden op syn wurk en thús. Syn frou Minke is dokter en wurket yn it sikehûs. Tegearre ha se in moai libben, mar se ha ien grutte winsk en dy kin net yn ferfolling gean: in bern fan harren sels. Se melde har dan oan foar adopsje. Dat is in lange wei, mei om't Ids blyn is. En troch de omjouwing wurdt it ek net altyd begrepen. Mar úteinlik krije se dan nijs. In oprjochte roman yn in noflike styl. Mei faasje en humor skreaun.
21,50
Kabel en tou (Paperback)
Kabel en tou (Paperback)
Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst ûnder it personiel. En giet it thús wol allegear sa't it moat? Abe fernimt dat Doet him noch net fergetten is. Hy komt foar nuvere ferrassingen te stean. En hy is net de iennichste dy't noch wat mei it ferline te ferrekkenjen hat. Jan Schokker hat in rige fan fiif flotte en fermaaklike misdiedromans skreaun. Dit boek is it earste yn in nij sjenre, yn deselde humoristyske styl. www.janschokker.frl
17,50

Klanten-reviews van Ik bedoel mar

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Ik bedoel mar

Productomschrijving

Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. Friestalig.
Shopblog.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.