Eksamenjier

0
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Eksamenjier
Eksamenjier
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen. Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiiddêr’t de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoaren yn 2011 Simmer oan ’e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy’t yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fu…
6,50
Nieuw
De spion (Friese editie) - Paulo Coelho - Hardcover (9789029523691)
De spion (Friese editie) - Paulo Coelho - Hardcover (9789029523691)
De fan oarsprong Fryske Mata Hari (1876-1917) wie de meast begearde frou fan har tiid: in ferneamde eksoatyske dûnseresse dy’t omgong hie mei grutheden en it publyk skokte en yn ferfiering brocht mei har eroatysk laden optredens. Yn De spion brûkt Paulo Coelho syn ferbyldingskrêft om it like gloarjerike as tragyske libben fan Mata Hari op ’en nij te skeppen. Har drege jeugd, har ûngelokkige houlik dat har yn Nederlânsk-Ynje brocht, de tryste wederwarichheden fan har bern, har komeeteftige opkomst as dûnseres, har yntime omgong mei heechpleatste militêren en politisy dy’t har úteinlik op in beskuldiging fan spionaazje en heechferried kaam te stean. It is it ferhaal fan in frou dy’t de moed hie om harsels te befrijen fan it moralisme en it bekrompen boargerfatsoen fan it begjin fan de tweintichste iuw.
12,50
Monkeys dilemma
Monkeys dilemma
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no …
7,50
Mem falt út - Pia van Rees - Paperback (9789492457325)
Mem falt út - Pia van Rees - Paperback (9789492457325)
In mem dy’t wrakselet mei alzheimer, in dochter dy’t seistûzen kilometer fierderop wennet, beide fjochtsjend tsjin it ûnûntkombere, dat komme sil. In yn ’t moed taastend ferhaal oer mem en dochter dy’t nettsjinsteande de ferslimjende deminsje fan mem harren bân bewarje. Fertriet en blydskip wikselje inoar ôf yn dit oangripende debút fan Pia van Rees, Friezinne om utens, libjend mei man en twa bern yn Kanada. “Skreaun yn tagonklike, deistige taal en mei each foar moaie, follesizzende details.” “Sa’n dreech ûnderwerp sa goed en net-patetysk beskriuwe is hiel knap.”
17,50
Cap Sud
Cap Sud
Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe't syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy't yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op 'e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar te behoedzjen. Dy is yn Frankryk op fakânsje. It wurdt in tocht fol aventoeren. Se ha gjin oare oanwizing as dat se nei Cap Sud ta moatte. Cap Sud is it iennichste jongereinboek fan Van der Leest, skreaun yn opdracht. Hy krige der yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1980. Ut al syn boeken docht bliken dat Van der Leest as gjin oar fan de Fryske skriuwers alle niget sjocht oan de eigenaardichheden fan ús dagen. In pree is ek Van der Leest syn feardich en gauris ferrassend taalgebrûk. Hy brûkt fansels it Frysk fan de tsjintwurdige jongerein, mar dan wol riker en fariearder as wat men ornaris opheint. Tiny Mulder yn it Friesch Dagb…
6,-
Nieuw
De reade bwarre
De reade bwarre
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de `Modderklauers', op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de `Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de `grutte ferneuker'. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy't der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993. In de roman is alles gethematiseerd wat de …
10,-
Nieuw
Stimmen út in doarpsferline - Rients Aise Faber - Paperback (9789402183450)
Stimmen út in doarpsferline - Rients Aise Faber - Paperback (9789402183450)
Al as jonkje siet de skriuwer yn in âld foto-album om te dikerjen. Jierren letter soe de skriuwer de syktocht nei de foarbije libbens wer oppakke. Tusken 1915 en 1927 skreau Tytsje Odinga (1854-1927) út Weidum brieven. Dy foarmje, njonken oare epistels, in belangryk ûnderdiel fan it foarste part fan it boek. Tytsje wie al jong widdo fan de Fryske folksdichter Jouwert Jouwertsma (1857-1889). Werom yn Weidum ferlear dizze moedige frou yn 1922 har beide dochters: Dina en Anna. Dina wie troud mei de timmerman Eise Groeneveld yn Bears. Der is besocht foar Tytsje har en oare brieven de oarspronklike Fryske inerlike dialooch, dy’t foarôfgie oan de skreaune tekst, te rekonstruearren yn it Frysk. Yn it twadde part komt de perioade nei 1927. Yn Mantgum waard yn 1928 Maaike Bylsma, de beppe fan Eise, hûndert jier waard. Oer Maaike har libbensferhaal joech in fraachpetear mei de krante nijsgjirrige ynformaasje. Dêrnei wurdt it libben fierder folge fan Tytsje Odinga har beppesizzer Tite mei har hei…
29,95
Nieuw
Libben en dea neffens Jelke Bos
Libben en dea neffens Jelke Bos
Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.' 'Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta. Mar wy dogge it net. Wy sille wol gek wêze. As minsken yn 'e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy…
6,50
Mei Russyske Mystearjes - Willem Tjerkstra - eBook (9789464241785)
Mei Russyske Mystearjes - Willem Tjerkstra - eBook (9789464241785)
Mei Russyske Mystearjes is it twadde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is ûnderdiel fan in searje ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje ha mei it libben fan de haadpersoan. Yn it earste boek, Mei it Mystearje, waard it libben fan Bouke beskreaun as jonkje (1944), as puber (1956), as studint fan de oplieding foar learkrêft (1958) en as begjinnend boer (1960). It twadde boek giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en ‘filosoof ’. Ien fan de belangrykste ûnderdielen fan it twadde boek is de keunst en literatuer fan Ruslân yn relaasje ta de polityk. Dat ferklearret de namme Mei Russyske Mystearjes en de ôfbylding op it omslach: De Wolgaslepers fan skilder Ilja Repin. De auteur giet yn it twadde boek wer by guon mystearjes lâns en makket m…
4,99
In bolle yn 'e reak
In bolle yn 'e reak
Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op 'e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986. Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om't se dê…
6,-

Klanten-reviews van Eksamenjier

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Eksamenjier

Productomschrijving

As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen. Sjieuwe Borger (1964; jurist) debutearre yn 2005 mei de roman It ferrin fan de tiiddêr’t de ferhâlding fan de haadpersoan mei syn alkoholyske jeugdfreon sintraal yn stiet. Yn 2006 folge Genesis abbekatekantoaren yn 2011 Simmer oan ’e Pikmar oer de studint Sybren Brouwer, dy’t yn syn eardere wenplak Grou fakânsjewurk docht en ûnderwilens besiket om syn bestean wer fuotten ûnder it gat te jaan nei’t syn ferkearing yn Grins útskuord is. De romans spylje allegearre yn it akademysk fermidden. Mei de roman Eksamenjierslacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.

Productinformatie

    Shopblog.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.