shopblog.nl
Categorieën
  Sluiten

Meer jan-schotanus
Meer jan-schotanus in Boeken

De ûnmooglike reis fan de Santa Maria

Kolumbus sylt mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Friestalig. Leeftijd: 9-12...
5,-

Webshops met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
Wyn fan de winners (Paperback)
Wyn fan de winners (Paperback)
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan de winners hat Hilda Talsma wer in skûtsjeroman skreaun dat in breed publyk oansprekke sil. Flot, fermaaklik en meinimmend. Har eardere skûtsjeromans, Wyn fan feroaring (I) en Wyn fan de wierheid (II) wiene beide Boek fan de Moanne yn de simmer. Earder skreau sy trije romans oer it doarp Frisum: De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy. Dêrnei folge Brekber, oer Sinne, in jonge frou dy't hiel goed mei hynders omgean kin. Yn 2017 publisearre se har earste jeugdroman
22,50
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Orpah (Paperback)
Orpah (Paperback)
De haadpersoan Maud Gallahgher is in jonge Ierske frou, in frou mei in geheim. Dêrom fielt se har twongen om har heitelân te ûntflechtsjen. Fia famylje komt se yn Fryslân telâne. Se krijt in relaasje mei Bouwe de Vries. Wannear't dy relaasje op in dramatyske wize oan de ein komt, wêrtroch't Bouwe yn 'e finzenis bedarret, giet se werom nei har heitelân. Se hat in soad stipe fan har twillingsuster Maureen. Stadichoan wurdt dúdlik wat him yn it ferline ôfspile hat. En dan is der noch de jongeman Collin, dy't op paad giet om syn biologyske mem te sykjen. Ek hy bedarret yn Ierlân. Hat it finen fan syn mem te krijen mei it geheim fan Maud? En wa is eins Orpah? Uteinlik komt it ta in spektakulêre ûntknoping.
17,50
De Gouden Swipe (Paperback)
De Gouden Swipe (Paperback)
Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats. Dat wurdt foarkommen troch in liening fan in dubieuze freon, mar syn frou Lysbet moat de rinte betelje. As soan Ate letter de wierheid ûntdekt kriget er spul mei syn heit en krijt er ûnderdak op de pleats by syn omke Ids. As stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider is der noch in kear spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút op de drafbaan útfochten. De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong. Dit boek is de werútjefte fan de tolfde printing út 1985.
19,50
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie's de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op 'e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden... yn mear as ien opsicht. Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn 'e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
22,50

Klanten-reviews van De ûnmooglike reis fan de Santa Maria

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over De ûnmooglike reis fan de Santa Maria

Productomschrijving

Kolumbus sylt mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Friestalig. Leeftijd: 9-12

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461494207
Brand
jan-schotanus

Verken gerelateerde categorieën

Shopblog.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.